Jonge fernielers oanholden

21 feb 2009 - 15:47

Twa jonges (15) út Drachten en De Gordyk binne yn de nacht nei sneon oanholden om't se in rút fan in wenning yn Drachten ynsmiten ha. It giet om in wenning oan de Leppa. De twa naaiden út op in brommer.

Plysjes koene de jonge út Drachten oanhâlde doe't dy fan de brommer ôfstapte. De oare jonge waard letter yn de rjochting fan De Gordyk oanholden. Beide sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)