Jonge Feansters winne mei 1-2

08 nov 2005 - 10:06

Jong Heerenveen hat moandei mei 1-2 fan Jong FC Twente wûn. De wedstryd waard spile yn Enschede. Yn de tritichste minút makke Lasse Schöne it earste doelpunt foar de jonge Feansters. Yn de twadde helte waard der noch skoard troch Sebastiaan Hoftijzer en de Fin Niklas Tarvajärvi, flak nei inoar yn de 66ste en de 70ste minút.

De Feansters steane no fyfde yn de kompetysje. De beloften fan AZ geane oan kop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)