Jonge fandaal oanhâlden

29 jul 2011 - 10:01

De plysje hat tongersdei yn Appelskea in jonkje fan 11 jier út dat plak oanholden foar fernielerij. De jonge hie in oantal rúten en de brievebus fan de brânwachtkazerne fernield. Ek stuts er fjoerwurk ôf.

In tsjûge besocht de jonge te pakken te krijen, mar dy naaide gau út op syn fyts. Uteinlik krige in meiwurker fan de brânwacht him te pakken. Dy hat de jonge oerdroegen oan de plysje. Syn âlders draaie op foar de skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)