Jonge fan 'e fyts slein

11 nov 2007 - 14:33

In 12-jierrige jonge út it Hearrenfean is sneon yn syn wenplak mishannele troch in groep oare jonges. De groep fan in stik as tsien bern seach de jonge fytsen. Omdat se in skeel mei him hân hiene, sloegen in pear bern him fan de fyts ôf en skopten en sloegen him. In oare jonge naaide út mei de fyts fan it slachtoffer.

De plysje hat trije fertochten oanhâlden. Twa fan har moasten mei nei it buro yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)