Jonge falt yn bouput Saailân

30 aug 2009 - 08:39
  • Helptsjinsten by it ûngelok. Foto: A. Kappers

Yn Ljouwert is sneontenacht in jongeman slim ferwûne rekke trochdat er yn de bouput fan parkeargaraazje it Saailân fallen wie. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik. De parkeargaraazje wurdt op it stuit ferboud en it terrein is ôfsletten mei stekken. Hoe't de jongeman dêr bydel komme koe, is net bekend.

De brânwacht hat him út de put helle, mei help fan in kraan. It slachtoffer is dêrnei nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)