Jonge falt troch dak bedriuw

03 sep 2012 - 11:01
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 15-jierrige jonge út Drachten is sneintejûn ferwûne rekke by in fal troch it dak fan in bedriuw oan de Meerpaal. De jonge hearde by in groep dy't stikem op it dak klommen wie. Hy sakke troch in dakplaat en foel 6 meter nei ûnderen op in betonnen flier. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht. De traumahelikopter waard ek ynset.

It ûngelok makke in soad yndruk op de meiwurkers fan it bedriuw. Dêrom is slachtofferhelp ynskeakele. By it bedriuw wurdt yn ploegetsjinst wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)