Jonge falt fan steger

08 jun 2010 - 10:18

In 17-jierrige jonge út Harns is tiisdeitemoarn ferwûne rekke nei't er yn Ljouwert fan in steger fallen wie. De plysje krige in melding dat der in ferwûne jonge by de parkeargaraazje fan it Aldehoustertsjerkhôf lei. De plysjes troffen in jonge oan dy't syn gesicht ûnder it bloed hie.

It slachtoffer hie mei freonen op stap west en wie op in steger klommen. Doe't de Harnzer sa'n 4 meter heech wie, begûn de steger te riden. Hy ferlear it lykwicht en foel nei ûnderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)