Jonge en famke oppakt foar strjitrôf yn Zamenhofpark

08 sep 2015 - 12:07
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

De plysje yn Ljouwert hat twa fertochten oanhâlden foar de strjitrôf ferline wike tiisdei yn it Zamenhofpark. It giet om in 14-jierrige jonge út de gemeente Smellingerlân en in 15-jierrich famke út deselde gemeente.

It duo wurdt derfan fertocht dat se ferline wike twa famkes fan 13 en 14 jier bedrige hawwe en harren telefoans stellen hawwe. Beide fertochten sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)