Jonge drinkers wegere by disko

02 apr 2012 - 10:34
  • Hoareka

By in diskoteek yn Berltsum binne freedtejûn twa stomdronken jongeren ûnder de 17 jier trapearre. Dat wie by in previntive alkoholaksje fan ferslavingssoarch, eigener fan diskoteek TDF en de gemeente. Freed wie it in jûn foar jeugd fan 12 oant 16 jier. Der wurdt dan gjin alkohol skonken. In soad jongeren drinke dan earst yn, thús of op strjitte.

Besikers moasten no blaze foardat se de diskoteek yngiene. Fan de rûchwei 1300 hiene 29 alkohol hân. Twa fan de 29 wiene dus echt smoar. Der binne seis soarchmeldings dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)