Jonge drankdieven oppakt

20 jan 2011 - 10:57

Yn Beetstersweach hat de plysje woansdeitejûn trije jonge winkeldieven oanhâlden. It giet om twa jonges fan 15 en 17 jier en in famke fan 16. Se komme alle trije út Koartehimmen. Troch meiwurkers fan in supermerk waarden se op de Mûneleane trapearre op it stellen fan in flesse drank.

De twa jonges fersetten har tsjin de oanhâlding. Dêrby krige in meiwurker fan de winkel klappen. De plysjes waarden ûnderweis nei it buro mei de dea bedrige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)