Jonge dielt twa klappen út

13 okt 2007 - 13:31

De plysje hat freedtenacht yn Snits in 16-jierrige Snitser oanhâlden omdat er oant twa kear ta ien in klap tsjin de holle jûn hie. Surveillearende plysjes seagen yn de Kruizebroederstrjitte dat in groepke minsken spul hie. Se seagen dat de fertochte in man in klap joech.

Doe't se de twa út elkoar helje woene, joech de jonge de man noch in mep. Dêrnei naaide er út. Omdat er útglied, koe de plysje him gau pakke en meinimme nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)