Jonge dielt fûstslach út

07 feb 2010 - 16:44

In 16-jierrige jonge út Snits is sneontenacht oanholden yn in kroech yn syn wenplak. Hy hie dêr sûnder direkte oanlieding in 16-jierrige plakgenoat mei de fûst tsjin de holle slein. Dy rûn dêrby ferwûnings op oan syn gesicht.

Personiel hie de fûstslach sjoen en dy droegen de jonge oan de plysje oer. Hy is ynsletten en krijt in ferbod fan trije moanne foar de oanbelangjende hoarekagelegenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)