Jonge dief oanholden

08 aug 2007 - 10:40

In famke fan 16 út Ljouwert blykt ferantwurdlik foar ferskate stellerijen. Neidat op in skoalle- mienskip yn Ljouwert in jas stellen wie, is de plysje in ûndersyk begûn. It famke blykte folle mear klean stellen te hawwen - sa hie se broeken, skuon, in shirt en in bodywarmer út winkels meinaam. Ek snobbersguod hie se stellen. It stellen guod is yn beslach naam. It famke komt foar de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)