Jonge dea by brân op kruser

14 aug 2007 - 07:42
  • de helptsjinsten hiene it dreech it plak te berikken

By in brân tiisdeitemoarn betiid op in kruser is in jonge(10) út Zwolle om it libben kaam. De pake en beppe fan de jonge rekken swier ferwûne; sy binne oerbrocht nei it sikehûs fan Grins. De pake(58) rekke swier ferwûne doe't er besocht syn pakesizzer te rêden.

De kruser lei oan de Noorder Oudeweg by Broek, yn de buert fan De Jouwer. It plak wie dreech te berikken foar de helptsjinsten. De boat is folslein útbaarnd. De oarsaak is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)