Jonge byt famke yn finger

01 okt 2011 - 15:22

Nei in wurdewikseling op strjitte op It Hearrenfean hat in jonge (19) freedtenacht in famke yn de finger biten. De jonge ried mei oaren yn in auto de groep fan it famke foarby.

Ut de auto wei waard wat roppen nei de fytsers, dy't dêr wer op reagearden. De auto stoppe en de groepen krigen spul mei inoar. Dêrby is in famke (18) út Aldskoat yn de finger biten. Op oanwizing fan it slachtoffer koe de plysje de man oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)