Jonge brânstifters oppakt

06 okt 2007 - 14:44

De plysje yn Drachten hat freed fjouwer jonges fan 14, 15 en 16 jier út dat plak oanholden, yn ferbân mei brânstifting fan in houten boarterstastel.

It tastel makke diel út fan in nij boartersterrein oan it Grasland. Tsjûgen seagen dat de jonges it tastel yn de brân stutsen en dat it folslein ôfbaarnde. Omdat de plysje in goed sinjalemint hie koene de dieders gau oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)