Jonge boudief (14) yn Snits

10 apr 2007 - 12:10

Yn Snits is in jonge fan 14 jier oanhâlden foar dieverij fan in bouterrein. In tsjûge hie sjoen dat er it terrein oan de Graaf Adolfstrjitte oprûn mei in grutte tas. Foar de wissigens warskôge hy de plysje. Dy fûn de jonge op in steiger.

Op it buro bekende de jonge stellerij fan stroomtried en aluminium hoekeprofilen. De plysje fûn it spul by de jonge thús. Hy hat in prosesferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)