Jonge Berltsumer nei Aris

18 maaie 2006 - 10:53

Basketbalclub Aris hat de 18-jierrige Stephan de Jager fan Berltsum oanlutsen. De Jager spile ferline jier yn de earedivyzje foar de junioaren by Donar ut Grins. Dêrfoar spile de 2,05 meter lange center al by Aris.

Aris nimt fierder ôfskie fan fjouwer spilers. Michael Kingma, Lucious Wagner en de Yslanners Siggi Thorvaldsson en Hlynur Baeringsson komme oan it begjin fan it nije seizoen net werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)