Jonge bekent bommeldingen

07 jan 2004 - 00:00

In jonge (18) út Wolvegea is yn desimber troch de plysje yn Limburch oanhâlden. Hy hie falske bommeldingen dien. De plysje kaam him op it spoar nei't er in bedriuw yn Landgraaf belle en sei dat dêr in bom lei. Hy sei út namme fan Osama Bin Laden te beljen.

De plysje achterhelle it telefoannûmer en pakte de Fries op. Hy hat noch trije oare bommeldingen by grutte bedriuwen bekend. Syn reden: hy siet ferlegen om in praatsje. Hy is al wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)