Jonge bedrige mei fjoerwapen

21 sep 2008 - 13:26

In jonge (18) út Dokkum is sneintemoarn even nei 04.00 oere bedrige mei in fjoerwapen op de Burdaarderstrjitwei yn syn wenplak. De jonge stie mei wat freonen te praten doe 't in ûnbekende man foarby rûn.

De Dokkumer frege de man oft er in noflike jûn hân hie. Dêrop pakte de man eat út 'e bûse dat like op in pistoal. Hy lade it troch en rjochte it op de 18-jierrige. Dêrnei stuts er it wapen wer yn 'e bûse en rûn fierder yn de rjochting fan de Woudven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)