Jonge baldiedich mei geit

11 aug 2010 - 10:45

In jonge (16) út Spanbroek (Noard-Hollân) is tiisdeitenacht by Formearum op Skylge oanhâlden foar baldiedich gedrach mei in geit.

De plysje seach de jonge by in pear beammen stean flakby kemping De Appelhof. De jonge hie in geit by him. Doe't er de plysje seach, naaide er út. It die bliken dat de knaap tefolle drank op hie. Hy sei dat er in stik mei de geit rinne woe. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)