Jonge autofernielers oppakt

25 jan 2011 - 10:13

Op De Jouwer binne twa jonges fan 16 oppakt, omdat se auto's fernield hiene. Se hiene it foaral foarsjoen op de autospegels. Neidat de plysje der oanjeftes fan krigen hie, waard der ûndersyk dien. Dat hat der ta laat dat de twa jonges oanhâlden wurde koene.

De plysje slút net út dat se noch mear auto's fernield hawwe. De plysje freget minsken fan wa't de auto stikkenmakke is om kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)