Jonge Antillianen 'braver'

28 jul 2010 - 16:12

Hieltyd minder Antilliaanske jongeren yn Ljouwert hâlde har dwaande mei kriminele aktiviteiten. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Der is ûndersocht watfoar effekt maatregels tsjin wurkleazens, kriminaliteit en skoalferlitten ha op de Antilliaanske jeugd yn de 21 'Antillianengemeenten'.

De ynset fan it S-team yn Ljouwert om Antilliaanske risikojongeren te begelieden hat fertuten dien op it mêd fan kriminaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)