Jonge aaismiter oanhâlden

08 des 2008 - 09:28

In man út Drachten hat sneontejûn in 15-jierrige plakgenoat oanhâlden omdat de jonge mei twa freonen aaien tsjin de ruten fan syn hûs oan De Dollard smiet. Hy koe de jonge nei in koarte efterfolging ynhelje.

De man warskôge de plysje, dy't de jonge in bekeuring foar baldadich gedrach joech. Ek hat de plysje de âlden fan de jonge ynformearre. Ek de twa 14-jierrige freonen fan de jonge sille noch in bekeuring krije en wurde de âlden op de hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)