Jonge (6) út Mullum ferdronken

05 jul 2009 - 12:20

In jonkje fan seis jier út Mullum is sneon oan 'e ein fan de middei stoarn yn in sikehûs yn Veldhoven as gefolch fan ferdrinking. Even dêrfoar waard er út de tiid yn in swimbad op in rekreaasjesintrum yn Hapert oantroffen.

Troch it personiel waard er fuortdaliks reanimearre. Dêrnei is de jonge troch in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is it bern stoarn. Ut it plysje-ûndersyk docht bliken dat der gjin sprake is fan in misdriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)