Jonge (19) De Jouwer fermist

20 apr 2012 - 18:00

De plysje ûndersiket de fermissing fan de 19-jierrige Tjardo Bosma fan De Jouwer. De jonge is woansdeitejûn fuortgien út it plysjeburo, neidat er earder oanhâlden wie foar winkelstellerij.

Hy kaam net thús en syn famylje koe him ek net berikke op syn telefoan. Doe't yn de rin fan tongersdeitemoarn noch net dúdlik wie wêr't de jonge wie, hat syn famylje de plysje ynskeakele. Mar oant no ta is de jonge noch net fûn. De plysje freget minsken dy't wat witte, kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)