Jonge (17) út Smellingerlân op Nasjonale Terrorismelist

24 mrt 2016 - 14:18

In jonge (17) dy't berne is yn de gemeente Smellingerlân stiet sûnt woansdei op de Nasjonale Terrorismelist. Dy list komt fan it ministearje fan bûtenlânske saken. De Fries dêr't it om giet hjit Jihad S.

Hy heart by in groep fan mei-inoar 48 saneamde "uitreizigers" dy't belutsen binne by terroristyske aktiviteiten yn Syrië en Irak. Fan dizze minsken wurde de finansjele tegoeden beferzen. Sa kinne se gjin gebrûk meitsje fan bankrekkens en creditcards.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)