Jonge (16) út Burgum stoarn

18 apr 2010 - 16:57

De 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum dy't sneontenacht klappen hân hat, is snein stoarn. Dat meldt de plysje. Dy wie sneontenacht nei Noardburgum gien nei in melding fan mishanneling yn diskoteek Club-Q.

De jonge wie slein en dêrnei net goed wurden. Neidat ambulânsepersoniel him ûndersocht hie, is er nei hûs gien. In pear oeren letter is er yn kritike tastân nei it Grinzer sikehûs UMCG brocht. Wat der krekt bard is, kin de plysje noch net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)