Jonge (16) oppakt foar joyride yn Droegeham

18 jul 2015 - 12:44

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 16-jierrige jonge út Surhuzum oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat hy mei drank op mei de auto fan in kunde op 'e Kleasterreed by Droegeham tsjin in beam botst is. De jonge siet earst yn de auto by in 23-jierrige man fan De Harkema. De plysje hie dizze man meinaam nei it plysjeburo foar in blaasproef.

De man krige op it buro in telefoantsje fan de 16-jierrige dat syn auto by in oanriding belutsen wie. Doe't de plysje oankaam by it plak fan it ûngelok wie de jonge útnaaid.

Hy is letter yn Surhuzum oantroffen. Fanwege syn ferwûnings is hy mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Dêr is ek in bloedproef ôfnaam. De jonge ferklearre dat in ûnbekende man mei de auto fuortriden wie, mar de plysje ûndersiket dit noch om't se twivelje oan dit ferhaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)