Jonge (15) mei nepwapen pakt

28 aug 2011 - 15:51

In jonge fan 15 jier út Reahel is sneontejûn op 'e Jouwer oanhâlden. Hy wie dyselde jûn tsjin in lampepeal oan fytst, nei alle gedachten om't er dronken wie. In omstanner soe him helpe, mar dat woe er net. Ut syn bûse foel in wapen.

De foarbygonger warskôge dêrop de plysje en dy fûn de 15-jierrige yn de boskjes. De jonge is meinaam nei it buro, It wapen wie nep. Tsjin de jonge is proses-ferbaal opmakke. In buorfrou hat him wer thúsbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)