Jonge (14) út Ljouwert fermist

01 nov 2010 - 09:50

De 14-jierrige Maurice Homma út Ljouwert wurdt sûnt freedtejûn fermist. De jonge is lulk fuortrûn út it Cambuurstadion, dêr't er mei syn mem wie. Sneon is der socht nei de jonge en der is twa kear in melding útgien op boargernet. Dat hat oant no ta allegear neat opsmiten.

It giet om in blanke jonge mei blond hier. Hy is sa'n 1 meter 60 lang en hat in swarte jas oan en in wite pet op. Fierder hat de jonge in blauwe spikerbroek en pearse gympen oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)