Jonge (14) rêdt famke út sleat

02 des 2011 - 10:31

In jonge (14) út Beetstersweach hat tongersdei it libben rêden fan in famke fan 15 út itselde plak. Sy fytsten fanút Drachten nei hûs. Yn Koartehimmen krige it famke nei alle gedachten in epileptyske oanfal en bedarre mei de fyts yn 'e sleat. De jonge sprong der fuortendaliks achteroan en hâlde de holle fan har plakgenoat boppe wetter. In foarbygonger warskôge in tal omwenners. Dy ha beide jongeren út it wetter helle. It slachtoffer is nei it sikehûs fan Grins brocht. Se wie ûnderkuolle en hie mooglik wetter binnenkrigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)