Jonge (14) oppakt foar mishanneling oare jonge yn Dokkum

15 feb 2015 - 12:48

De plysje hat sneontemiddei in jonge fan 14 jier út Dokkum oanhâlden foar mishanneling fan in 14-jierrige jonge út de gemeente Ferwerderadiel. It slachtoffer fytste tiisdei oer de rotonde by it sikehûs en kaam by in groep fan tweintich jonges del. De fertochte treau de jonge mei fyts en al om. Dêrnei trape er de jonge ferskate kearen tsjin de holle en yn it liif.

De fertochte hat bekend. Hy koe oanhâlden wurde op basis fan tsjûgeferklearrings.

De oare jonges fan de groep hawwe neffens de plysje gjin klappen útdield, mar se hawwe de fertochte ek net tsjinhâlden. De plysje siket noch hieltyd nei in man op in fyts dy't it slachtoffer holpen hat. Dy hat him noch net melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)