Jonge (14) komt ûnder bus

11 apr 2006 - 14:14

Yn Makkum is moandei in jonge ferwûne rekke by in oanriding mei in bus. De jongee fan 14 stuts sûnder út te sjen mei de fyts de Weersterwei oer. In bussjauffeur koe him net mear ûntwike.

De jongee botste tsjin de sydkant fan de bus en syn fyts waard troch de bus in tal meters meisleurd. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)