Jonge (14) fan de fyts treaun

15 sep 2009 - 11:41

In jonge (14) út Drachten is moandei slim ferwûne rekke, trochdat er troch trije oare jonges fan 'e fyts treaun waard. Dat barde op de Noorderhof yn Drachten. De jonge foel mei de holle op de stoeprâne en rekke út de tiid. Hy is mei in harseskodding en ferwûnings oan it bekken yn it sikehûs opnaam.

Tsjûgen bellen de plysje mei in dúdlik sinjalemint. Trije fertochten fan 14 en 15 út Burgum en Feanwâlden binne oanhâlden. Se krigen proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)