Jonge (13) út Harns ferwûne troch fjoerwurk

16 nov 2014 - 11:57
  • Ambulânse

In jonge fan 13 út Harns is sneontejûn slim ferwûne rekke oan syn hân by it ôfstekken fan fjoerwurk. Dat wie op De Singel yn Eanjum. De jonge hat nei alle gedachten oan 'e gong west mei yllegaal fjoerwurk. Mei syn ferwûnings is er nei it pleatslik kafee gien, en dêrwei binne de helptsjinsten alarmearre.

It slachtoffer is oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)