Jonge (13) út Aldeberkeap skoft fermist

10 jun 2015 - 10:45

In 13-jierrige jonge út Aldeberkeap hat woansdei in skoft fermist west. De plysje melde dat de jonge tiisdeitejûn om 8 oere hinne foar it lêst sjoen wie by de tennisbanen yn Wolvegea.

Woansdei om it middeisoere hinne melde de plysje dat de jonge wer yn goeie sûnens weromfûn wie. De jonge, John de Wit, is adoptearre fanút Kolombia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)