Jonge (13) pakt foar heling

14 nov 2008 - 11:01

In 13-jierrige jonge fan It Hearrenfean is tongersdei op de Sieversstrjitte troch de plysje oanholden op fertinking fan heling. De jonge waard troch de plysje sjoen mei in fyts wêrfan it slot net by de fyts hearde.

Ut ûndersyk die bliken dat it om in stellen fyts gie. De jonge bekende dat er de fyts kocht hie foar in pear euro. Der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)