Jonge (13) dielt klappen út

14 nov 2010 - 13:03

In 13-jierige jongen út Drachten is sneontemiddei oanhâlden foar it slaan fan in automobilist. De jongen fytste yn syn wenplak op de Lauwers krekt foar in auto in rotonde oer. De bestjoerder fan de auto koe mar kwalik foarkomme dat de jonge rekke waard.

Doe't de jongen oansprutsen waard op syn gedrach waard hy agressyf en sloech troch it iepen rút de passazjier. De automobilist hat de jongen oanhâlden en oan de plysje meijûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)