Jonge (12) omkaam by ûngelok

20 sep 2011 - 14:58
  • Foto: Wendy Kennedy
  • Foto: Wendy Kennedy

By in slim ûngelok is tiisdeitemiddei yn Ljouwert in jonge fan 12 om it libben kaam. In oare jonge rekke ferwûne. De jonges wiene oan it fytsen. Ien ried en de oar siet achterop. Op de Idzerdastins yn de wyk Camminghabuorren binne se oanriden troch in auto.

Ien kaam op de motorkap telâne en rekke ferwûne. Hy is nei it sikehûs brocht. It oare slachtoffer kaam ûnder de auto. Meiwurkers fan helptsjinsten koene him net mear rêde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)