Jonge (11) ferwûne by ûngelok

24 feb 2004 - 00:00

In jonge (11) út Heech is moandei by Oerterp oanriden troch in auto en yn 'e sleat bedarre. De auto waard bestjoerd troch in Gordykster (53). Dy koe de jonge net mear ûntwike doe't dy by it parkearplak de dyk Opperhaudmare oerstuts.

De jonge is mei in brutsen foet en in harsenskodding nei it sikehûs brocht. De dyk wie yn ferbân mei technysk ûndersyk troch Bureau Ongevallenanalyse in skoft ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)