Jonge (10) mei fyts ûnder auto

07 jul 2014 - 20:28

Yn Bakkefean is moandei in auto op in 10-jierrige jonge telâne kaam. Op de Weverwâl kaam de auto bestjoerd troch in 34-jierrige Drachtster de fytsende jonge yn 'e mjitte. De bestjoerder skrok fan de jonge, sa ferklearre er letter, omdat dy ynienen begûn te slingerjen. De auto wykte út nei links, botste op in parkearde auto, kypte om op it dak mei de fytser derûnder.

De fytsende jonge rekke ferwûne, de bestjoerder licht ferwûne. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)