Jonge (10) ferwûne by botsing

22 apr 2007 - 15:31

Op de Matthijs Smitstrjitte yn Sint Anne hat sneontemoarn in oanriding plakfûn. Dêrby rekke in 10-jierrige fytser út Sint Anne ferwûne. De jonge fytste fanôf de Aldebiltdyk/ Schuringawei linksôf de Smitstrjitte op. Neffens tsjûgen naam er de binnenbocht en botste dêr op in auto.

Dy waard bestjoerd troch in ynwenner (36) fan Sint Anne. De fytser foel en rekke ferwûne oan de holle. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)