Jongbloed yn apps en games

07 jan 2013 - 17:00
  • Website Jongbloed

Drukkerij Jongbloed fan't Hearrenfean stapt de digitale wrâld fan de app's en games yn om de krisis te oerlibjen. De drukkerij wreidet de wurksumheden fan de drukkerij út mei de produksje fan apps en serious games. De earste digitale game komt oer in moanne al op de merk. Hy is foar it ûnderwiis bedoeld.

Jongbloed hat ek lêst fan de krisis. It bedriuw moat oare wegen sykje en ynslaan om de eigen takomst feilich te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)