Jongbloed makket bibel yn blik

27 maaie 2004 - 00:00

Der komt in bibel yn blik op de merk. Drukker en útjouwer Jongbloed fan It Hearrenfean makket dy Nederlânske bibel. Dêrmei hat Jongbloed de primeur.

Under it blikken kaft sit de tekst fan de Groot Nieuws Bijbel. It kaft docht tinken oan in blikje frisdrinken. Oan de foarkant sit in heakje sadat it liket oft it as in blik iepenlutsen wurde kin. Dêrûnder stiet it wurd 'Thirsty'. De blikken bibel is bedoeld om de jongeren oan te sprekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)