Jongbloed komt mei E-books

29 nov 2011 - 15:06

Utjouwerij Jongbloed biedt boeken oan op de E-reader. De útjouwer fernimt dat dêr grutte fraach nei is. It giet earst om 20 berneboeken en 14 romans. Yn de takomst wurde dit der miskien noch mear. In E-reader is in digitaal boek. Minsken kinne teksten downloade en op de E-reader sette en sa de tekst oeral lêze.

Echte bibels komme net yn E-bookformaat. Jongbloed fynt dat de App in geskiktere manier is om de bibel te modernisearjen. Op de Apps kinne minsken nammentlik bygelyks filmpkes sjen en muzyk hearre. Dit kin by de E-reader allegear net en derom is de App geskikter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)