Jongbloed jout sms-bibel út

21 jan 2006 - 12:32

Ynkoarten ferskynt by útjouwer Jongbloed fan It Hearrenfean de earste Nederlânsktalige sms-bibel. Foar guon minsken is de sms-taal mei har ôfkoartings en de lêstekens mei ekstra betsjutting dreech te begripen, mar foar jongeren is dy taal krekt hiel gewoan.

Jongbloed sjocht in gat yn de merke en rjocht har benammen op de jongerein út de evangelyske hoeke. De sms-bibel bestiet út fersen út elts bibelboek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)