Jong talint nei Arsenal

10 jun 2006 - 12:48

De 17-jierrige Vincent van den Berg fan SC Hearrenfean giet nei de Ingelske club Arsenal. Van den Berg tekent in kontrakt foar fjouwer jier. By SC Hearrenfean spile Van den Berg foaral by de A-junioaren.

De út Maassluis ôfkomstige rjochteroanfaller spile earder by de jeugdoplieding fan Feyenoord en waard troch Arsenal ûntdutsen by it Nederlânske alvetal ûnder de 17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)