Jong SCH lyk tsjin Almere City

06 okt 2014 - 21:35

Jong SC Hearrenfean en Jong Almere City FC makken der moandeitejûn net in spektakel fan. Op Sportpark Skoatterwâld wie wol striid en ynset, mar gjin goed fuotbal. Beide ploegen krigen mar in pear kânsen, mar it krûd wie damp. De logyske 0-0 einstân wie it gefolch.

Yn deselde pûl fan de beloftekompetysje wûn FC Grins/SC Cambuur mei 4-1 fan Jong NEC/FC Oss. Yn it Cambuurstadion waard de lêste goal makke troch Sebastian Steblecki. Jong Hearrenfean is koprinner mei 10 út 6. Jong FC Grins/Cambuur de nûmer twa mei 9 punten út 5 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)