Jong SC Hearrenfean wint fan Jong Willem II

23 nov 2015 - 21:25
  • It fuotbalfjild van SC Hearrenfean

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn fertsjinne mei 3-1 wûn fan Jong Willem II. De thúsploech fan coach Johnny Jansen spile mei in protte ynset, mar wie net gelokkich yn it fersulverjen fan de kânsen. Branco van den Boomen wie de man fan de earste helte mei prachtige goals yn de 14e minút en 35e minút. Robert Braber brocht mei aparte hege bal yn de 52e minút de spanning werom. Op oanjaan fan Van den Boomen skeat Simon Thern de 3-1 einstân op it boerd. Takom wike moandei is it Jong Cambuur-Jong Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)